Vrouwen gespreksgroep Belijdenis en Leven

De  gespreksgroep is ûntstien fanút de Grifformearde Tsjerke. Wy ha yn februari 2013 it 90 jierrich  bestean fierd. Omdat it oantal leden lytser wurdt, ha we no ien ôfdieling  mei 24 leden. Ien kear yn de 14 dagen komme wy op tongersdeitejûn byelkoar yn De Stryp.

Us aktiviteiten  op sa’n jûn binne foar it skoft: In Bibels of in maatskiplik ûnderwerp behannelje en nei it skoft ûntspanning yn de foarm fan in kwis, in ferhaal of oare ferdivedaasje.

Kontaktadres: M. Wouda-Groenewoud, e-mail: Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.